Reedride op glêd iis

ûnder de fearren fan 'de pauw'

Josse de Haan Taal: Fries

Paperback

€ 24,95

Dit artikel kunt u momenteel niet bestellen. Mogelijk is het wel op voorraad bij een van de aangesloten boekhandels. Bekijk de winkelvoorraad hieronder ↓
Ik wil advies
Vraag de boekhandel

Dizze bondel ferheljend en polemysk proaza, poëzy, literatuerkrityk, essays, analyzes, anarkys, kollaazjes, ensfh. is de fjirde yn de rige eigen wurk dy't Josse de Haan sûnt 2005 gearstald hat - Kastanjes Poffe (2005), Kidelstiennen heine en slaan (2007), Frozen moonlight yn myn hannen (2013) en no dan Reedride op glêd iis. Dit boek befettet op 'e nij literatuerhistoarje - oer de ôfrûne fyftjin jier (sûnt Piksjitten op Snyp op 9-9-'99 ferskynde). It jout nij wurk, c.q. nea publisearre, en artikels út ûnderskate papieren en digitale tydskriften. In pear binne yn boeken ferskynd. Brieven oan (literêre) freonen en reaksjes op mails en blogs oer literêre ûnderwerpen jouwe wat mear sicht op it literêre bedriuw sa't him dat yn syn eagen de ôfrûne desennia ûntwikkele hat. De kampanjes om Piksjitten op Snyp hinne kinne ferhelderjend wurkje, en jouwe in sicht op de net altiten transparante en koosjere hâlding fan ynstitúsjes, kommisjes en guon persoanen. Syn wurk, sawol primêr as sekundêr, is de delslach fan it libjen yn twa talen, yn twa kultueren, en no - nei in fyftjin jier libjen yn in seistal talen - is it noch breder wurden. Oan primêr poëzywurk is opnommen in rige fan 37 fersen en 14 anarkys (fisuele poëzy). Twa nea publisearre ferhalen ferskine yn dit boek. Brieven oer literatuer oan kollega's/freonen, gedichten oer en oan freonen/dinnen en besprekken fan wurk kompletearje de bondel. De fjouwer útjeften mei foaral sekundêr wurk jouwe in byld fan de Fryske literatuer fan de ôfrûne jierren troch syn eagen, beskriuwe ek de tûkelteammen dêr't je as skriuwer yn in lyts taalgebiet mei te krijen hawwe. De oergeunst ek. WINTERWILLE iisbaan glimt as flakstrutsen folle moanne - laket reedrider streket fan lofts nei rjochts - dûnset winterlûd sjit yn kadâns oer skaden - resonearret bûgde rêch teart skouders linich yn 'e foarm - faasje twa izers snije fearkjend oer de iisplaneet - ritmyk 45-gradebocht tilt rjochterskonk oer lofter - lykwicht rappe rider heakket rêde rydster oan syn earm - iispearke
ISBN
9789089548320
Vorm
Paperback
Uitgever
Elikser B.V. Uitgeverij
Druk
1e
Verschenen
15-01-2016
Taal
Fries
Pagina's
376 pp.
Genre
Literaire non-fictie
Geen recensies beschikbaar.
pro-mbooks2 : libris